Tatoeaazje (=Tryskyl Frysk)

Titel

Tatoeaazje (=Tryskyl Frysk)

Skriuwer

Luc van Balberghe

Oersetter

Gurbe Dijkstra

Sjenre

tragikomedy

Besettingsdei

2 manlju en 3 froulju

Spielet

100 minuten

Persoanen

  • JOAZEF, 78, krekt widner, liket te demintearjen, amateur-dichter

  • YOLANDA, 45, syn dochter, sakefrou yn problemen, kâld, hurd en synysk

  • SAM, 40, keunstner, eaget ienfâldich, mar is diskreet slagge, emosjoneel, leaf, soarchsum en doch berekkenjend

  • SUSTER IRIS, 28, wurket yn in tehûs, noch nayf, mar ryp om fol bewûndering de grutte wrâld yn te stappen

  • DIREKTRISE, 50, djoer yn de klean, behongen mei goud en kitsch, ljocht, heech opstutsen hier

Tatoeaazje kin ek spile wurde mei 3 manlju en 2 froulju. As der noch in aktrise beskikber wêze soe, dan soe dy de rol fan it famke yn de flashback spylje kinne, sêne acht. Yn dizze fersy docht suster Iris dat. Sels de rol fan de jonge Joazef soe troch in oare akteur spile wurde kinne. De tekst hoecht hjirfoar net oanpast te wurden. De regisseur kin dit regelje.

Dekor

In keamer yn in rêsthûs, tafel, stuollen, kastke, bêd mei alarmbel, noflike stoel, ‘goedkeape’ platen oan de muorre ensafuorthinne. Doar nei de gong en ien nei de badkeamer. In finster mei útsicht op in park. Dat finster mei ek ‘de fjirde wand’ wêze.

Koarte ynhâld

In suster en in broer sykje in oplossing foar de heit, dy’t krekt widner wurden is en demintearjend. Sy is in slagge sakefrou, de broer in marginaal keunstner. Mar is dat wol sa? Wa bedraacht wa en wêrom? En is de heit wol demint of hat er elkenien te fiter? Is it âldereintehûs echt in mearke-kastiel of mar in kommersjeel dekor? En watfoar rol spilet de ferpleechster? Hat se allinne in wyt kapke op of sit der ek noch in masker foar? Beleve wy de werklikheid of bestiet dy allinne yn ús ferbylding? Is it ferhaal wol in toaniel-plot of doch it deistige leven? En aansen it applaus… is dat miend? Of allinne mar tradysje?

Alles en elkenien wurdt oanienwei op de ferkearde foet set. Sykje der net tefolle achter. Dit toanielstik is gewoan in leuke brok ûntspanning, mei in laits en in trien.

Tryskyl is in toanielstik yn laachjes: elk ferhaal ferberget in oar ferhaal. Boppedat is Tryskyl it earste toanielstik yn de wrâldliteratuer dat sa útwrydsk yngiet op it kult-ferskynsel  SM. Der knallen gjin swypkes op it poadium, der is gjin lak-klean te sjen, mar de djippere gefoelens fan sadomasogisme wurde subtyl bleatlein.

Eins is it stik sels in SM-sesje: in stielhurde mind play tusken de akteurs ûnderling en tusken… de auteur en it publyk!

Opvoeringsvergunning en auteursrechten:

Om kennis te maken of een juiste keuze te maken, kan je hier een gratis brochure aanvragen. Bij opvoering is er geen verplichte aankoop van brochures. Auteursrechten worden rechtstreeks met de auteur afgesproken. Geen enkele maatschappij is gemachtigd om als derde auteursrechten te innen voor dit stuk.